Fûnswinnen - Fragen en antwurden

From the Wikimedia Foundation
Revision as of 00:51, 5 April 2008 by Cbrown1023 (talk | contribs) (Remove lockbox address (now in template))

Jump to: navigation, search

Donate | Personal Appeal | Press Release | FAQ | Donor Privacy Policy | Tax-deductibility of donations | Gift Policies | Planned Spending | Gift Certificate

Hoenear is it fûnswinnen begûn?
Op 22 oktober 2007.
Hoenear sil it fûnswinnen ôfrûn wêze?
Op 22 desimber 2007.
Wat kin ik dwaan om it bekend te meitsjen?
Meitsje it bekend hoe't it mar kin! Siz it tsjin famylje en freonen. Set knoppen en fanen op jo bloch. Brûk dizze tekst yn de ûndertekening fan jo netpost: Mei jo stipe kin Wikipedia fierder! Stypje de Wikimedia Foundation: http://donate.wikimedia.org
Hoe kin ik stypje? (d.w.s., mei hokfoar metoade, hokfoar faluta, ensfh.)
Om te stypje kinne jo nei http://donate.wikimedia.org gean. Jo kinne alle folle-brûkte kredytkaarten brûke (wêrûnder VISA, Mastercard, Discover en American Express), PayPal, Moneybookers, oerboekings nei ús Belgyske bankrekken, of in sjek nei de Foundation stjoere. Jo kinne sjeks stjoere in alle falutas, en de oare metoaden om te stypjen litte ek in grut tal faluta ta (mar net alle).
Wêr moat ik sjeks hinnestjoere?
Stjoer sjeks nei:

Wikimedia Foundation, Inc.
P.O. Box 98204
Washington, DC 20090-8204
USA
Note: donations by check are processed directly at our centralized lockbox location which is in Washington, DC.

Kin ik stipe fan de belestings weromkrije?
Jo kinne stipe allinnich yn de Feriene Steaten fan de belestings weromkrije. Lju út Kanada kinne dat ek, mar dan allinnich oer ynkommen út de Feriene Steaten.
At ik stypje, hoe krij ik dan myn kwitânsje?
Eltsenien dy't $100 jout krijt fansels in kwitânsje, at namme en adres by de stipe opjûn binne. By in lytser bedrach kinne jo in kwitânsje freegje troch netpost oan donate @ wikimedia.org. Jou asjebleaft jo namme en adres en skriuw mei hokfoar metoade jo ús stipe hawwe en foar hokfoar bedrach at dat wie.
Wat at ik net yn de Feriene Steaten bin?
Jo kinne likegoed in kwitânsje freegje, mar allinnich yn de Feriene Steaten kinne jo it fan de belestings weromkrije.
At ik jimme in enoarm bedrach stjoer, krij ik dan wat bysûnders?
Ja. Dit jier wurde minsken dy't tusken de USD 10.000 en 24.999 stypje persoanlik skille troch Jimmy Wales, de stifter fan Wikipedia. (Jo moatte dan al jo tillefoannûmer by jo stipe derby sette.) Lju dy't USD 25.000 as mear stypje krije in diner mei Jimmy oanbean.
Kin ik in doel of in beheining opjaan by myn stipe -- dat wol sizze, kin ik jild jaan om wat bepaalds mei te dwaan, dat net foar wat oars brûkt wurde kin?
Goede doelen yn de Feriene Steaten -- lykas de Wikimedia Foundation -- moatte fan de wet gefolch jaan oan de beheinings oanjûn troch de stipers. Dat betsjut dat at jo stipe beheind wurde moat ta in bepaald doel, dat wy oan jo winsk gefolch jaan sille of oars jo jild weromjaan sille. Mar betink asjebleaft ear't jo dat dogge, dat ûnbeheinde stipe foar ús folle brûkberder is. Wikimedia syn projekten feroarje sa hurd dat Wikimedia ûnbeheinde stipe nedich hat om mei feroarje te kinnen.
Mei hokfoar bedraggen mei ik stypje?
Jo mei om it even hokfoar bedrach jaan. Wy hawwe in pear opsjes jûn (200, 100, 60 en 40 dollar) dat jo sjen kinne hokfoar ynfloed in bedrach hawwe soe. Mar begryp goed dat, útsein jo jouwe oars oan, jo stipe yn it algemiene fûns komt, en net beheind is ta in bepaald doel.
At jild foar stipe der net ôf kin, of at ik gjin jild jaan wol, wat kin ik dan oars dwaan om de Foundation te stypjen?
Der binne in protte manearen om stipe te jaan, en jo tiid is like wichtich as jo jild. Jo soenen in freon leare kinne hoe't je skriuwe kinne op in Wikipedy. Jo soenen in pear foto's dy't jo makke hawwe op Commons oanbiede kinne as frij brûkbere ôfbylden. Of lit jo wurdearring sjen mei in foto yn de "Why Do You Love Wikipedia"-groep op Flickr (Wêrom hâlde jo fan Wikipedia).
Hokfoar jildbedrach moet it fûnswinnen dit jier opsmite?
Wy jouwe gjin doel oan, dit jier. Mar wy sille witte litte hoefolle jild at wy byelkoar brocht hawwe.
Werom jouwe jimme gjin jildbedrach oan?
Wy hawwe it der mei-elkoar oer hân at wy in doel oanjaan moasten, en der wienen goede arguminten foar en tsjin. Uteinlik hawwe wy besletten it net te dwaan. Wy woenen leaver besykje it tal fan minsken by te hâlden dy't ús stypje, yn stee fan it bedrach oan dollars dat jûn is. Dat like ús gewoan mear yn de geast fan de projekten.
At jimme gjin jildbedrach as doel hawwe, wêr mjitte jimme it sukses dan oan ôf?
Dit jier besykje wy wat nijs. Wy binne der grutsk op dat 96% fan it jild fan de Foundation fan yndividuele stipe komt, almeast mei lytse bedraggen. (De rest komt fan in pear oare ynkomsteboarnen, wêrûnder de ferkeap fan direkte gegevensútfier, T-shirt-ferkeap en datsoarte fan saken.) Dêrtroch witte wy dat wy in hiel protte minsken berikje. Dit jier, foar it earst, mjitte wy it sukses fan it fûnswinnen net ôf oan it bedrach yn dollars dat jûn is, mar oan it tal fan minsken dy't ús stypje. Wy leauwe dat dat wier yn de geast is fan de projekten mei harren opset fan gearwurking.
Wat sille jimme dwaan mei it jild?
As earste hawwe wy ferlet fan jild om ús projekten tagonklik te hâlden: foar de tsjinners, foar it gegevensferkear, foar kantoarromte en soks mear. Fierders wolle wy mear oandacht jaan oan it ûntwikkeljen fan programma's, fral yn mienskippen dy't ûnderfertsjinwurdige binne by de projekten, wêrûnder guon dy't hast of hielendal gjin tagong ta learmiddels hawwe. Sa hâlde wy begjin novimber ferskate Wikipedia-akadeemjes yn Súd-Afrika, dêr't wy it tal fan Wikipedianen dy't yn in Afrikaanske taal skriuwe mei ferheegje wolle. Wy hoopje dat wy mear fan dit soarte fan inisjativen útfiere kinne. Us budzjet foar 2007-08 is USD 4,6m. Hoe't wy dit útjaan wolle kinne jo sjen yn ús budzjet-oersjoch.
Wat is Wikipedia-Akedeemje?
De akedeemjes binne iepenbiere barrens bedoeld om minken oan te moedigjen te skriuwen foar Wikipedia. Ornaris binne se wijd oan ien mêd (lykas wiskunde), of ien taal, almeast ien dy't lyts is of bedrige wurdt. Se binne yn 2005 begûn troch Frank Schulenburg fan de Dútske Wikipedia.
Hoe helpt Wikipedia mei de stipe fan taalferskaat?
Wikipedia is ien fan mar in pear neislachwurken dy't beskikber binne yn talen lykas Maöri (in Eastpolynesyske taal praat yn Nij-Seelân), Swahili (in Bantû-taal brûkt yn Afrika besuden de Sahara), Heechsorbysk (in Slavyske taal praat yn it easten fan Dútslân), en Baskysk (praat yn it Middelnoardspanje en Súdwestfrankryk).
Hoe helpt Wikipedia minsken yn ûntwiklingslannen?
Learprogramma's yn ûntwiklingslannen brûke ús ynhâld fenomenaal! Us ynhâld is oeral op 'e wrâld beskikber op dvd's en as boeken, en wurdt ek plakjûn op goedkeape draachkompjûters, troch it One Laptop Per Child programma (Ien draachkompjûter per bern).
Wêr kin ik it risseltaat fine fan it lêste boekhiftsjen?
It boekhiftsjen foar 2007 is oan 'e gong. Wy ferwachtsje dat it twadde helte novimber dien wêze sil. It ferslach sette wy op it Wikimedia Foundation-webstee sadree't it dien is.
Wêr fyn ik de Foundation syn belestingweromjefte-formulier (Form 990)?
It lêste formulier is foar it jier dat einige op 30 juny 2006; dat stiet hjir. It formulier foar 2006-07 komt op it Foundation-webstee te stean at it 2006-07 boekhiftsjen ôfrûn is.
Binne der dit jier ek stipeferdûbelings – en as al, hoe sil dat barre?
Ja, dy sille der wêze. Lykas oars wurdt dit mei sidenijs boppe-oan eltse projektside oanjûn op de dagen dat de stipe ferdûbele wurdt. It sidenijs wurdt fuorthelle oan de ein fan de dei, at it doelbedrach ien kear helle is.
Hoe wurdt it fûnswinnen by it publyk bekend makke?
Wy meitsje it fûnswinnen op ferskate manearen bekend. Earst hawwe wy in fane boppe-oan eltse side, by alle projekten. Twad stjoere wy in parseberjocht nei media oeral op 'e wrâld, en Jimmy Wales en Florence Devouard sille fraachpetearen dwaan. Tred freegje wy eltsenien yn 'e mienskip it fûnswinnen op ferskate manearen bekend te meitsjen by famylje en freonen.
Wêr fyn ik de fideo fan Jimmy Wales?
De fideo is beskikber op http://wikimediafoundation.org/donate/2007/psa/. (De fideo is yn it Ingelsk; in ferzje mei Nederlânske ûndertiteling is beskikber op http://wikimediafoundation.org/donate/2007/psa/subtitled-nl.html.)
At ik wat ferkeard doch mei myn stipe, wat doch ik dan?
At jo it ferkearde bedrach oanjûn hawwe of in oare flater makke hawwe, stjoer dan asjebleaft in berjocht oan donate @ wikimedia.org mei útlis fan de sitewaasje. Tink der asjebleaft om jo kontaktgegevens op te nimmen, en foegje sa folle mûglik ta dat jo jo noch yn it sin bringe kinne (lykas it bedrach, de metoade ensfh.).
Wat is dat foar in teller op de sidenijsfane?
De teller jout it totale tal fan jeften oan fan dit fûnswinnen. Dit jier rjochtsje wy ús op it tal fan jeften, yn stee fan it tal fan dollars. Wy miene dat dat rjocht docht oan it karakter fan de op frijwillich meidwaan basearre projekten.
Wêr komme al dy opmerkings boppe-oan de sidenijsfane wei?
Dat binne echte oanhellings fan echte brûkers fan de projekten. Wy hawwe se yn it sidenijs setten om sjen te litten dat echte lju de projekten brûke en weardearje, en om harren it wêrom fertelle te litten.
Wêr fyn ik it privacybelied oangeande stipers?
It privacybelied oangeande stipers is hjir.