De jefte fan kennis

From the Wikimedia Foundation
Jump to: navigation, search

Donate | Personal Appeal | Press Release | FAQ | Donor Privacy Policy | Tax-deductibility of donations | Gift Policies | Planned Spending | Gift Certificate

Wikimedia Foundation foarsitster Florence Devouard.

22 Oktober, 2007 - As in sljocht inisjatyf út it fjild dat noch mar seis jier âld is, is it Wikipedia-projekt útwoeksen ta in wrâldwide boarne sûnder wjergea, dy't ús manear fan kennis trochjaan feroaret. It webstee lûkt besite fan miljoenen fan minsken út de hiele wrâld en is op it stuit beskikber yn 250 talen.

Lykas de measte projekten beret troch de Wikimedia Foundation, de stifting efter it ynformaasje-webstee, stelt Wikipedia de boargers fan de wrâld yn 'e gelegenheid al it minsklik witten troch te jaan, wylst it der tagelyk ek foar soarget dat ferskillende stimmen likegoed fertsjinwurdige binne. It seit himsels dat wy allegear tige grutsk binne op de positive ynfloed dy't Wikipedia en ús oare projekten hân hawwe yn 'e wrâldmienskip.

De wrâldwide gefolgen fan Wikipedia bringe lykwols ek in hieltiid mear ferantwurdlikheden en útdagings mei foar Wikimedia Foundation. Fanwegen it ynternasjonale sukses is de Foundation begûn syn enerzjy te rjochtsjen op dy parten fan de wrâld dy't ús help it meast nedich hawwe - ûnderfertsjinwurdige mienskippen mei beheinde tagong ta ynformaasjeboarnen. Om't hast twa miljard bern yn ûntwikkelingsgebieten hast of hielendal gjin ûnderwiis krije, fine wy dit tige wichtich.

Oant no ta hat de Wikimedia Foundation, yn fergelyk mei de beheinde helpmiddels, grutte foarútgong boekt op dit mêd. Troch ferskate gearwurkings hawwe wy by steat west Wikipedia nei wrâldútoarden te bringen, en oan te setten ta Wikipedyen yn talen as Jorûba and Swahili. It wichtichste is lykwols dat it ôfrûne jier fan grutte wearde west hat foar it plantsjen fan sieden foar takomstige ynformaasjeprojekten.

Nettsjinsteande al dizze prestaasjes: Wy moatte noch mear dwaan!

De Wikimedia Foundation hat ferlet fan jo stipe om trochgean te kinnen mei it mûglikmeitsjen fan it wrâldwide trochjaan fan ynformaasje.

Dizze wiken is ús jierlikse fûnswinnen. Wy hoopje, jo kinne jo stipe yn jild uterje - jout net hoe lyts of grut it bedrach - en it ús dêrmei mûglik meitsje ús missy fuort te setten om eltse wrâldboarger frije tagong ta al it minsklik witte te jaan.

Florence Devouard
Foarsitster fan de Wikimedia Foundation